De Bining
Untstien trochit ôfstjitten fan it kofjehûs (kosterswente en sealtsje fan de NederlânskeHerfoarme Tsjerke yn Himpens oan de Skoalledyk.) In kommisjefoarme ût de ferieningen fan Doarpsbelang Himpens-Tearns en de pleatselike kuorbalferiening Wêz-Fluch krigen it klear om de besteande kantine fan de kuorbalferiening teferbouen ta in doarpshûs. Dat dit slagge, is te tankjen oan de ynset fanbestjoerders en it grutte tal frijwillegers. Sa koe op 25 Novimber 1989 de Bining har doarren feestelik iepenje oan it Leechje 1 yn Himpens. Sûntdie tiid beskikke wij dus oer in eigen foarsjenning wer`t wij as doarpen tigewiis mei binne. Hjir spilet it ferieningslibben en alle oaredoarpssaktiviteiten him ôf. Dat d`r fan ôf it begjin oan`t no ta altitenminsken ré wiene om sawol op bestjoerlik as op in oar mêd him/har foar deBining yn te setten, jout oan hoe grut it draachflak is yn in lytse mienskip. Elts jier, foarit begjin fan it nije fergaderseizoen, wurdt yn oerliz mei de gebrûkers de aktiviteiten-aginda opmakke en foar de groep frijwillegers foar de bar, it skjinmeitsjen, de ônderhâldsploech en de âld-pepier ophellers in skemaynfult wannear`t hja tsjinst hawwe.
Wil je contact met De Bining? Stuur een e-mail naar bining.hempens@gmail.com.