Close

Doarpshus de Bining

Untstien trochit ôfstjitten fan it kofjehûs ( kosterswente en sealtsje fan de NederlânskeHerfoarme Tsjerke yn Himpens, oan de Skoalledyk.)

In kommisje,foarme ût de ferieningen fan Doarpsbelang Himpens – Tearns en de pleatselike kuorbalferieningWêz-Fluch, krigen it klear, om de besteande kantine fan de kuorbalferiening, teferbouen ta in doarpshûs. Dat dit slagge, is te tankjen oan de ynset fanbestjoerders en it grutte tal frijwillegers/sters.Sa koe op 25 Novimber 1989,de Bining, har doarren feestelik iepenje, oan it Leechje 1, yn Himpens. Sûntdie tiid, beskikke wij dus oer in eigen foarsjenning wer`t wij as doarpen tigewiis mei binne. Hjir spilet it ferieningslibben en alle oaredoarpssaktiviteiten him ôf. Dat d`r fan ôf it begjin oan`t no ta ,altitenminsken ré wiene, om sawol op bestjoerlik as op in oar mêd him/har foar deBining yn te setten, jout oan, hoe grut it draachflak is, yn in lytse mienskip.

Elts jier, foarit begjin fan it nije fergaderseizoen, wurdt yn oerliz, mei de gebrûkers, deaktiviteiten-aginda opmakke en foar de groep frijwillegers/sters foar de bar,it skjinmeitsjen, de ônderhâldsploech en de âld-pepier ophellers, in skemaynfult, wannear`t hja tsjinst hawwe.


Bekijk ook de website van De Bining.

Contact


058-2887242